Snits: wol sloktermoperaasjes

Alve sikehûzen moatte ophâlde mei it dwaan fan sloktermkankeroperaasjes. It giet om sikehûzen dy't minder as tsien fan sokke operaasjes yn it jier útfiere, sa stiet yn in rapport fan de ynspeksje foar de sûnenssoarch.
It sikehûs fan Snits mei wol trochgean mei de operaasjes, omdat hjir troch gearwurking mei de sikehûzen fan Drachten en It Hearrenfean wol foldwaande ûnderfining mei sokke operaasjes oanwêzich is.