Jonge pakt by ynbraak skoalle

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei by in skoalle oan de Idzerdastins yn Ljouwert in 18-jierrige Ljouwerter oanhâlden op fertinking fan lokaalfredebreuk. De plysje krige melding dat der jeugd yn de skoalle wie.
Doe't de jonges de plysje seagen naaiden se út. De 18-jierrige koe lykwols sa hurd net fuortkomme, omdat hy de hân yn it gips hie. Hy waard oanhâlden en meinommen nei it buro.