Boalsert yn restauraasjeshow

© Omrop Fryslân
It wenhûs fan de keapmansfamylje Albada_Jelgersma yn Boalsert is nominearre foar it tillevysjeprogramma Bank_Giro_Loterij_Restauratie. Yn it programma dat yn septimber te sjen is, wurdt alle wiken in monumintaal gebou of objekt presintearre dat ta is oan in restauraasje. De sjoggers bepale úteinlik hokker gebou 1 miljoen euro krijt foar de opknapbeurt.
Ferline jier kamen de tsjerke út Wier en it Ljouwerter begraafplak yn de finale fan it programma.