Aksje MBO'ers foar ov-kaart

Aksjefiere foar OV-jierkaart
Yn Ljouwert fierde it JOB, jongeren organisatie beroepsonderwijs, ek aksje foar in ov-jaarkaart foar MBO'ers. Tiisdei om 10 oere kamen de aksjefierders mei de trein oan. Yn in heal oere tiid sammelen se tsientallen hantekens.
Se hoopje dat mei de aksje ek de MBO'ers fan ûnder de 18 in kaart krije om fergees mei de trein of bus te kinnen. HBO'ers fan ûnder de 18 krije dy kaart namentlik wol. Foar it MBO is dêr gjin jild foar, seit de minister.