Swaddepaed hielendal ferbrede

It lêste diel fan it fytspaad tusken Bûtenpost en Kollum wurdt ek ferbrede. It giet om de heale kilometer dy't yn 'e gemeente Achtkarspelen leit. Yn Kollumerlân leit ek in stik fan it Swaddepaed, mar dat is twa jier ferlyn al breder makke.
Achtkarspelen kin net it hiele fytspaad breder meitsje. De gemeente koe it net iens wurde mei de eigners oer de oankeap fan grûn.