Befrijingsfestival 'rêstich'

Muzykpoadium by de Aldehou
Ljouwert belibbe moandei ien fan 'e rêstichste Befrijdingsfestivals ea. Der kamen 70.000 besikers op ôf. Plysje en organisaasje binne tige tefreden oer it probleemleas ferrin fan it festival.
De organisaasje is ek tefreden oer it súkses fan it Noardewynpoadium, fan Omrop Fryslân by it natuermuseum. Dêr treden in ferskaat oan artysten op. In twadde folweardich muzykpoadium wie in winsk dy't de organisaasje altyd al hie.