Ferskate boaten stellen

Ut de haven fan in kamping yn Alde Ouwer is sneintemoarn betiid in speedboat stellen. De boat, in Bayliner, is eigendom fan in 45-jierrige Dútser.
Ek yn Deinum waarden twa boaten stellen. Fan twa motorkrusers, dy't yn in haventsje oan it Van Harinxmakanaal leine, waarden de byboatsjes mei oanhingmotor stellen.