Crone 4 maaie: 'Solidêr wêze'
Solidariteit wie sneintejûn in wichtich tema yn de taspraak fan boargemaster Crone fan Ljouwert, by de deadebetinking yn Ljouwert. It wie de earste kear dat Crone yn syn rol as boargemaster in taspraak hâlde. Crone sei dat him opfallen is dat de belutsenheid yn Ljouwert grut is.
Fierder wie hy fernuvere oer it grutte oantal minsken dat yn Ljouwert by de betinking wie. Der waarden 24 krânsen en blomstikken lein. De 13-jierrige Willemijn Steenhuizen lies in gedicht.