Finalisten Lytse Priis bekend

Nei alve foarrondes en trije spannende finales binne de finalisten fan de Lytse Priis fan Fryslân bekend. De bands nommen it yn de heale finale tsjin inoar op yn Iduna yn Drachten, it Bolwurk yn Snits en op de fearboat tusken Starum en Enkhuzen.
De bands Eagle Eye Eleven, Fed by Trash, Pioneers of Love, Junx, Spotrockers en Daily Bread gean troch nei de finale fan de Lytse Priis fan Fryslân. Dy is op 31 maaie yn poppoadium Romein yn Ljouwert.