Tsjummearum wol bunker hâlde

© Omrop Fryslân
Doarpsbelang Tsjummearum wol net dat de bunker yn de Seedyk sloopt wurdt. Wetterskip Fryslân is eigner fan de bunker en dy wol him slope om't er net mear feilich is. De lêste jierren waard er brûkt foar opslach. De bunker is net monumintaal, mar neffens doarpsbelang wol weardefol, om't it it lêste stikje fan de Stelling aan de Seedyk is út de Twadde Wrâldoarloch.
Doarpsbelang sil beswier yntsjinje tsjin de sloop en roppe de ynwenners fan Tsjummearum op dat ek te dwaan.