Scouts Hearrenfean wer te plak

Nei mear as twa jier hawwe de Scouts op It Hearrenfean wer in eigen ûnderkommen. Yn jannewaris 2006 waard it gebou by Oranjewâld yn 'e brân stutsen en baarnde folslein ôf.
It nije Scoutinghiem foldocht no oan de strangste brânfeilichheidseasken. It is in nagelnij gebou fan 450.000 euro. Troch de brân hiene de Scouts in 225.000 euro skea. De fersekering kearde de helte út. De scouts tinke dat se de hypoteek betelje kinne mei de eksploitaasje.