E'werf: mear toeristebelesting

© Omrop Fryslân
Eaststellingwerf wol de toeristebelesting de kommende jierren ferheegje nei 90 sint de persoan de nacht. Op dit stuit is dat 55 sint. De belesting moat omheech om de tariven gelyk te krijen mei omlizzende gemeenten yn Drinte. Dat is nedich omt Eaststellingwerf sûnt 2006 ûnderdiel is fan it rekreaasjeskip Drinte.
De ekstra ynkomsten wol de gemeente brûke foar it opsetten fan in banepool. Dy soe 50 ekstra banen opsmite moatte yn Eaststellingwerf.