Hearrenfean klear foar Ajax

Verbeek wol de opstelling noch net frijjaan...
De SC_Hearrenfean is klear foar de striid tsjin Ajax op tongersdei 1 maaie. Dat sei trainer Gertjan Verbeek woansdei nei de lêste training. Dy training ferrûn gâns better as in dei earder. Doe slagge it allegearre net.
Yn it Abe Lenstra stadion waard de lêste healoere fan de training sûnder publyk en parse ôfwurke. Dan is it dúdlik dat Verbeek gjin opstelling nei bûten bringt. De wedstriid Hearrenfean-Ajax begjint tongersdei om healwei trijen.