Veganstreaker oppakt yn Makkum
De plysje hat woansdeitemoarn yn Makkum twa manlju oppakt. Ien dêrfan is de saneamde 'Veganstreaker' wêze. De Veganstreaker, yn it deistich libben Peter Jansen út Vught, fiert aksje foar de rjochten fan bisten.
Dat docht er troch yn it iepenbier út de klean te gean. De man waard bekend troch syn net oankundige ferskinen yn it tv-programma fan Paul de Leeuw. De plysje herkende de streaker en krige oanwizings dat hy en in man út Assen de iepenbiere oarder fersteure woenen.