Earste oranjefans te plak

Makkum en Frjentsjer meitsje har op foar de besite fan de keninginne. De earste minsken hiene moarns om healwei sânen al in plakje fûn om de oranjes letter op de dei goed sjen te kinnen. De fans komme út Fryslân, mar ek wol út hiel Nederlân.
De plysje ferwachtet in soad drokte en freget minsken om net te let nei Makkum en Frjentsjer te kommen. Fan ferskate parkearplakken bûten Makkum en Frjentsjer wurde minsken mei pindelbussen fierder ferfierd.