ROF-aksje Alvestêdetocht

It Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens, it ROF, sil by de alvestêdetocht foar fytsers en motorriders op moandei 12 maaie ekstra omtinken freegje foar sosjaal en feilich rydgedrach. Alle dielnimmers krije fan it ROF in stikkerhart om op harren klean te plakken. Dêrmei kinne se oanjaan dat se de aksje "Rij met je Hart... ook tijdens de elfstedentocht" stypje.
At se op de foto komme mei de stikker, dan meitsje se kâns op in ballonfeart.