Fertochte saak-Igli frijlitten

Stille tocht foar de fermoarde Tevlik Igli
De 42-jierrige fertochte yn 'e saak-Igli wurdt tongersdei foarearst frijlitten. De man siet sûnt 11 febrewaris yn foararrest. Der is net genôch bewiis om dat te ferlingen. Hy bliuwt wol fertochte yn 'e saak. In oare fertochte fan 39 jier is earder al frijlitten. Hy koe it 42-jierrige slachtoffer, Tevlik Igli.
De Fryske plysje hat nauwe kontakten mei Dútske kollega's. Der soe in kebabkiller yn it spul wêze dy't ferskate hoarekabazen ombrocht hat.