Frjentsjer kleuret al oranje

Frjentsjer begjint sa njonkenlytsen al aardich oranje te kleurjen. Twa dagen foar de keninklike besite wurde yn it sintrum fan 'e stêd de lêste puntsjes op de i set.
Keninginne Beatrix en har gefolch kinne mei in gerêst hert komme. Foar de besite oan Frjentsjer begjint de keninginne de dei yn Fryslân yn Makkum.