1200 nije huzen yn Lemsterlân

Yn Lemsterlân moatte de kommende 8 jier 1200 huzen boud wurde! Dat docht bliken út it nije wenplan fan Lemsterlân.
It giet ûnder oaren om 300 nije huzen yn Lemmer Noard en 300 huzen op de lokaasje Tramdyk. Fierder binne der plannen foar Ychtenbrêge, Bantegea en Eastersee. De plannen fan Lemsterlân binne opfallend, want koartlyn hat ûndersyk noch sjen litten dat 650 huzen wol genôch binne.