Ekstra beammen yn Boalsert

© Omrop Fryslân
De binnenstêd, de Hollandiabuert en Noard 2 yn Boalsert krije takom jier miskien ekstra beammen en struken yn it ramt fan it projekt Doarpsgrien. It kolleezje fan B&W wol dat de stêd hjir oan meidocht.
Yn de perioade 2004-2006 wiene der al mear plakken yn Fryslân dy't oan it projekt meidienen. B&W freegje de gemeenteried om goed 40.000 euro beskikber te stellen. De ried nimt op 6 maaie in beslút.