Ferpleatsbere keatsmuorre

© Omrop Fryslân
Yn Frjentsjer is sneon in nije, mobile keatsmuorre yn gebrûk naam. De muorre is makke fan licht steigermateriaal. Der sitte spesjale, lichte platen tsjinoan sadat de keatsers dêr in bal tsjinoan slaan kinne. Keatsferienings kinne de muorre it kommend seizoen hiere. Der is sneon ek noch in keatsmerk yn Frjentsjer. Dêr binne workshops en ferskate bedriuwen dy't wat mei it keatsen te krijen hawwe. De merk duorret noch oant acht oere sneontejûn.