Wâldwei foar in part ticht

Der is it hiele wykein gjin ferkear mooglik op de Wâldwei tusken Drachten en Nijegea, yn de rjochting fan Ljouwert. Der wurdt dêr sûnt freedtejûn oan 'e dyk wurke. It ferkear wurdt omlaat.
It giet om asfaltearringswurk. Ferkear yn de rjochting Ljouwert moat rekken hâlde mei mear as in heal oere fertraging. As alles goed giet, is it wurk moandeitemoarn om seis oere klear en kin it ferkear wer oer de N31.