Jeugdhonk Twizel mooglik ticht

Jeugdhonk de Bunker yn Twizel giet mooglik ticht. Der binne amper frijwilligers te finen om de soas draaiende te hâlden. Boppedat soe der net in soad jeugd komme. Dat hat der wierskynlik mei te krijen dat se der gjin bier drinke meie en dêr yn de jeugdketen wol oan komme kinne.
It bestjoer hat oankundige nei maaie op te hâlden. De problemen dy't yn Twizel spylje, jilde neffens wethâlder Stellinga ek foar in pear jeugdhonken yn oare doarpen yn Achtkarspelen.