Hast fergees mei de bus

Busreizgers yn Súdeast-Fryslân kinne de kommende twa wiken wer hast fergees reizgje mei ferfiersmaatskippij Arriva. It bedriuw organisearret dan wer syn bekende euro-aksje.
In kaartsje kostet de reizgers ien euro, as se troch de wike nei njoggen oere ynstappe. Yn it wykein en mei de feestdagen kinne minsken ek foar njoggen oere foardielich reizigje. Op Keninginnedei is it busferfier fergees.