Breeuwsma en Knegt by Oranje

Shorttrackers Daan_Breeuwsma fan Aldeboarn en Sjinkie_Knegt fan Bantegea hearre ek takom seizoen by de nasjonale trainingsseleksje. Dat betsjut dat se sintraal traine yn Thialf op It_Hearrenfean. De seleksje stiet ûnder lieding fan John_Monroe en syn assistint Dave_Versteeg.
De trainingsseleksje bestiet út de tsien bêste shorttrackers fan Nederlân. De ploech bestiet út deselde minsken as ferline jier.