Avanti hat nije trainer

Sealfuotbalclub Avanti út Stiens hat in nije trainer oanlutsen. It giet om Anand_Jagdewsing. Hy wie de ôfrûne twa jier trainer fan earedivyzjeclub de Leekster_Eagles. As trainer is er kampioen fan Nederlân wurden. Hy wûn de nasjonale beker en pakte de Beneluxbeker. Neffens Avanti heart Anand by de bêste trije trainers fan Nederlân.
Avanti spilet no yn 'e earste divyzje, mar makket kâns op promoasje. Dan moat de club 2 maaie winne fan Urk.