Verburg helpt de eilannen

© Omrop Fryslân
It liket derop dat de macht fan Steatsboskbehear op de Waadeilannen brutsen wurdt. Minister Verburg hat woansdei sein dat de Waadeilannen mear ynfloed krije moatte op it belied fan Steatsboskbehear.
Ek is der grutte kâns dat de grutte ferheging fan 'e erfpacht fan 'e baan is. Op guon eilannen soe dy sels in pear kear ferdûbele wurde. De Twadde_Keamer moat tongersdei noch wol oer de plannen stimme. Boargemaster Galema fan Flylân reagearret optein.