Tegels boarterstún Jirnsum wei

De boarterstúnferiening yn Jirnsum sit mei de hannen yn it hier. Nei jierren fan wurk is it lang_om_let sa fier dat se los kinne mei it opknappen fan boarterstún 'De Bernefreon', mar krekt no dûkt in grut probleem op.
De rubberen feiligheidsstegels dy't nedich binne en dy't se jierren lyn krigen, binne poater. Se hiene se opslein by de gemeente, mar doe't se de tegels ophelje woene, leinen se net mear yn 'e opslach. En nimmen wit wêr't se bedarre binne.