Bern krije rôffûgelles
Bern witte fierstente min fan rôffûgels ôf. Benammen yn Fryslân wurdt folle mear omtinken jûn oan greidefûgels. De minsken fan Stipepunt Natuer- en Miljeu-edukaasje Wymbritseradiel ha dêrom woansdei yn Heech bern byspikere oer rôffûgels.
Yn it Heempark fan Heech krigen 470 skoalbern in rôffûgeldemonstraasje. Bern fan alve basisskoallen koene sjen nei in oehoe, in falk, in woestynhauk en in see-earn (arend). Yn Nederlân binne fyftjin soarten rôffûgels.