Ferfolch foar 100 Fiersichten

Mear as 100 ynstjoerde ideeën krije in ferfolch yn it projekt Fryske Fiersichten. De ideeën binne bondele yn tsien ferfolchprojekten. Sa is der it projekt oer de Ofslútdyk as foarbyld fan duorsumens, in idee oer de takomst fan elektrysk ferkear en ien oer de promoasje fan Fryslân.
Nei in oprop fan 'e provinsje en in tal gearkomsten mei saakkundigen, ferline jier, smieten meiïnoar mear as seishûndert ideeën op foar de Fryske_Fiersichten.