Werle wint ek twadde EK-party

Skaker Jan Werle fan Beetstersweach hat ek syn twadde party op it Europeesk Kampioenskip skaken wûn. Yn de Bulgaarske stêd Polvdiv wûn de 24-jierrige skaker mei de wite stikken fan de Kroaat Marin Bosiocic.
Troch syn twadde oerwinning stiet Werle mei 36 oare skakers op it earste plak. Dêrmei is hy oant no ta de bêste Nederlanner.