't Fean wol topdamtoernoai

Op It Hearrenfean moat topdamtoernoai komme
It_Hearrenfean wol it sterkst besette damtoernoai fan 'e wrâld organisearje. Der is in begrutting fan mear as 20.000 euro en dat is in rekord yn de damwrâld. Spilers moatte harsels op it ynternetplatfoarm fan it wrâlddambûn oanmelde. Dêrnei wurdt in seleksje makke.
It toernoai is takom jier juny. It wurdt mei yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan de gemeente Hearrenfean organisearre.