Pranjic wint sulveren skoech

Hearrenfean-middenfjilder Danijel_Pranjic is dield twadde wurden yn it klassemint fuotballer fan it jier. Pranjic moat dat twadde plak diele mei PSV-keeper Heurelho_Gomes mei 201,5 punten. Ajacied John_Heitinga waard mei 206 punten winner fan it klassemint om de Gouden Skoech en is sadwaande de opfolger fan Afonso Alves.
Op moandei 1 septimber wurde de prizen útrikt op in grut fuotbalgala yn Hilversum.