Jong Cambuur ûntefreden

Jong Cambuur is moandeitejûn yn Zwolle net fierder kaam as in 0-0 gelykspul tsjin jong Zwolle. Dat fielde foar de Ljouwerters as in ferlies.
Cambuur krige minimaal tsien kânsen om de wedstryd te winnen. Halil Colak hie de grutste kâns mei in kopbal op de latte. In protte spilers fan de a-seleksje diene mei. De achterhoede fan Cambuur wie stabyl en dêrtroch bleau it in wedstryd sûnder doelpunten.