Pieter-Jan 4e yn Hyères

Pieter-Jan Postma
Pieter-Jan_Postma is ek nei de twadde dei fan de Olympyske Sylwike fan Hyères fjirde yn de Finn. Pieter-Jan waard moandei in kear alfde en fjirde. It ferskil mei de nûmer ien is mar trije punten. Marit_Bouwmeester waard yn har Laser Radial 14e en twadde. Se stiet sânde yn de tuskenstân.
Fan de Fryske Yngling froulju stiet Marije Kampen op it achtste plak, Marije_Faber is tsiende en Brechtje_van_der_Werf en Marjon_Kooistra stean op it 15e plak.