Marks direkteur fan Van Hall

Erica Schaper hat de organisaasje op 1 maart ferlitten
De 44-jierrige Ellen Marks wurdt de nije direkteur fan it Van Hall Ynstitút yn Ljouwert. Se folget Erica Schaper op, dy't de organisaasje op 1 maart ferlitten hat.
Ellen Marks is op dit stuit direkteur fan de School of Economics fan hegeskoalle Inholland yn Alkmaar en Zaanstad. Ellen Marks wurdt algemien direkteur en sil op 1 july begjinne.