Fertochte foar brân oanhâlden

De plysje hat moandeitemoarn betiid in fertochte oanhâlden op fertinking fan belutsenheid by de brân yn Haulerwyk. Yn de nacht fan snein op moandei brânde de hannelsûndernimming yn agrarysk materieel Boelens folslein út.
In 54-jierrige ynwenner fan Haulerwyk sit fêst op fertinking fan brânstichting. By it bluswurk krige de plysje fan omstanners belèstende ferklearringen oer de man. De man wurdt moandei heard.