Auto's fernield en rút yngoaid

Twa manlju binne sneintemoarn betiid yn Easterwâlde oanhâlden op fertinking fan fernieling. It giet om in 21-jierrige man út Easterwâlde en in 26-jierrige Ljouwerter. Tsjûgen hiene sjoen dat se trije auto's fernield hiene. Boppedat soene se in winkelrút ynsmiten hawwe.
Mei help fan it goede sinjalemint koe de plysje de fertochten frij gau oanhâlde. De twa sitte foar ûndersyk fêst op it plysjeburo.