Brânstichting yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon in 36-jierrige Ljouwerter oanholden op fertinking fan brânstichting. Om acht oere kaam der in melding fan in brân yn in wenning oan de Eikenstrjitte yn Ljouwert. De omlizzende huzen waarden ûntromme, wêrnei't de brânwacht blusse koe.
It fjoer wie gau ûnder kontrôle. De wenning hat wol in soad reek- en wetterskea oprûn. De bewenner wie nei it útbrekken fan de brân útnaaid. Hy melde him letter op it buro en waard dêr oanholden. Hy sit noch fêst.