Cambuur wol stadionferbod

Cambuur wol in stadionferbod ynstelle foar de 64 'supporters' dy't freedtejûn yn Arnhem oppakt binne troch de plysje. Yn in kroech drige it ta in konfrontaasje te kommen tusken de 'Cambuur-supporters' en Vitesse-supporters.
De fans út Ljouwert wiene yn Arnhem bedarre, nei't se fuortstjoerd wiene út Maastricht. Dêr spile Cambuur tsjin MVV. De rjochter hie bepaald dat de wedstryd sûnder publyk spile wurde moast.