139 oanmeldings foar landmarks

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân hat nei oanlieding fan in priisfraach al 139 oanmeldings binnen foar fjouwer keunstwurken by de tagongswegen nei Fryslân. Dat is boppe ferwachting, sa lit de provinsje witte.
It giet om de A7 by Drachten, de Ofslútdyk, de A6 by de Lemmer en de A32 by Wolvegea. De Keunstwurken moatte markearingspunten wurde dy't karakteristyk binne foar Fryslân. Der binne ek ideeën yntsjinne út Ingelân en Tsjechië wei.