Media-stunt falt yn wetter

In media-stunt dy't Fryslân op de kaart set. Sa hie Fryslân Marketing har nije promoasjekampanje oankundige. De stunt soe freed betiid bekend makke wurde mei in sms'ke. Der soe wat barre op de autodyk by Utert.
Mar de lokaasje wurdt feroare nei de Hoffiver yn Den Haach. It doel is om hjir mei in sylboat reklame te meitsjen foar de wettersport. Langer as in minút as 10 duorret it net. Fan Fryslân Marketing mei it wol faker, sa'n stunt.