1e peal nijbou WTC-Expo

Fan alle 300 WTC-Expo's yn de wrâld hat dy fan Ljouwert de measte leden.
Fan alle 300 WTC-Expo's yn de wrâld hat dy fan Ljouwert de measte leden. Sa'n 320 bedriuwen binne lid fan it WTC Expo en der komme allinne noch mar mear by. Dat sei algemien direkteur Andries de Jong freed by it slaan fan de earste peal fan de nijbou.
By it gebou oan de Heliconwei wurde kantoaren, in hotel en restaurants boud. De nijbou fan it WTC Expo én it hotel mei 144 keamers sille nei gedachten yn septimber takom jier klear wêze.