H´fean meldt him foar Emnes

Sportklub Hearrenfean hat ynteresse yn Marvin_Emnes fan Sparta. Neffens de saakwaarnimmer fan Emnes hat Hearrenfean kontakt opnaam mei de Rotterdamske klub.
Ofrûne snein makke hy yndruk yn de wedstriid tsjin Hearrenfean. Sparta wûn mei 4-2 en Emnes skoarde ien kear. Nei de kompetysje sille Emnes en syn saakwaarnimmer yn petear. Der binne yn Nederlân en it bûtenlân in soad klubs dy´t ynteresse hawwe yn Emnes.