Gemeenten sille Caparis helpe

Gemeenten sille Caparis helpe
Acht gemeenten binne ree om de fiif miljoen euro skuld by sosjale wurkfoarsjenning Caparis op te lossen. Dat die tongersdei bliken by de oandielhâldersfergadering.
De gemeenten stelle wol in tal betingsten. Se fine dat der goeie plannen makke wurde moatte foar de takomst en de gemeenterieden moatte ek noch akkoart gean. Yn maaie wurdt in begjin makke mei plannen foar de takomst fan Caparis. Hoe't dy plannen der krekt útsjogge is noch net bekend.