Sintrale as: bedriuwen kritysk

© Omrop Fryslân
Foaral in tal grutte bedriuwen yn Dokkum wurdt holpen mei de oanlis fan de sintrale as; in folle grutter tal lytsere bedriuwen yn de doarpen sjocht de nije dyk hielendal net sitten.
Dat docht bliken út in ekonomysk ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins. It ûndersyk is tongersdei yn Burgum presintearre op in jûn fan de tsjinstanners fan de nije dyk tusken Dokkum en Nijegea. In alternatyf trasee fan 'e natueroerganisaasjes skoart better by de bedriuwen.