Man omkommen yn Grou

Oan de Setangel yn Grou is tongersdeitemiddei in 80-jierrige ynwenner fan Grou om it libben kaam. Foarbygongers seagen in persoan en in fyts yn it wetter lizzen. Doe't de man út it wetter helle wie, die bliken dat er al ferstoarn wie.
De plysje tinkt dat de man net goed wurden is op 'e fyts en sa te wetter rekke is.