Teksel: twa moanne betinktiid

© Omrop Fryslân
Tessel krijt noch twa moanne de tiid om te betinken wat se krekt wolle mei de gearwurking tusken de Waadeilannen. De ried fan Tessel sjocht neat yn fiergeande gearwurking mei de Fryske Waadeilannen. In útstel dêrta waard tiisdei ôfwiisd.
Under druk fan de oare eilannen sille se nochris sjen nei de plannen. Al 12 jier wurdt der praat oer gearwurking. Soe Teksel derút stappe dan leit it proses stil.