'Het Gesprek moat op 'e kabel'

RTL_8 moat yn Fryslân út it kabelpakket en ferfongen wurde troch de stjoerders Het_Gesprek en Euronews. Dat advisearret de Programmaraad Fryslân oan kabeleksploitant @Home. De ried fynt dat Het_Gesprek en Euronews wat taheakje, wylst RTL_8 mear fan itselde is.
De Programmaried is in ûnôfhinklike advyskommisje. Minsken hawwe oant 10 maaie de tiid om beswier te meitsjen tsjin it advys.