Museum Damshûs sneins iepen

Damshûs yn Nij Beets is tenei alle sneintemiddeis iepen
Iepenloftmuseum It_Damshûs yn Nij_Beets is tenei alle sneintemiddeis iepen. Oant no ta wie dat allinne op sneinen yn july en augustus.
Omdat der hieltiten mear aktiviteiten organisearre wurde yn it museum, wurde de iepeningstiden ferromme. Dat beslút is ek naam, omdat der geregeld minsken foar de tichte doar kamen op sneintemiddei.